CdK-penning foar ôfswaaiend direkteur Oeds Bijlsma

Oeds Bijlsma
Oeds Bijlsma hat by syn ôfskied as direkteur belied by de Provinsje Fryslân de CdK-penning krigen. Kommissaris fan de Kening John Jorritsma rikte de penning út. Bijlsma krige de penning fanwegen syn ynset, kreativiteit en loyaliteit oan de provinsje yn het algemien en oan de CdK yn it bysûnder.
Bijlsma naam freed ôfskied by de provinsje. Hy hat dêr fjirtjin jier wurke, earst as griffier en sûnt 2011 as direkteur belied. Yn dy lêste funksje wie Bijlsma behelle by it ekonomysk programma Wurkje mei Fryslân en by Kulturele Haadstêd.