Bauke Mollema 6e yn twadde etappe Dauphiné

07 jun 2016 - 17:36
  • argyffoto

Hurdfytser Bauke Mollema fan Ljouwert is tiisdeitemiddei as sechsde einige yn de twadde etappe fan it Criterium du Dauphiné. Winner waard Jesus Herrada út Spanje.

De twadde etappe einige berchop yn in sprint fan in grutte groep. Yn it algemien klassemint stiet Mollema no 10e, 44 tellen efter giele truidrager Alberto Contador út Spanje.

It Criterium du Dauphiné jildt as tariedingskoers foar de Tour de France, dy't oer in moanne begjint yn Frankryk. De fytsers koerse foaral yn de bergen. It Criterium du Dauphiné duorret noch oant snein ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)