Plysje komt mei nije ynformaasje yn Ljouwerter sedesaak

07 jun 2016 - 16:59

De man dy't der fan fertocht wurdt op 22 maaie in 60-jierrige frou seksueel misbrûkt te hawwen, neamde himsels 'Arnoud'. Dat hat de plysje tiisdeitemiddei bekendmakke. De man hat ek tsjin it slachtoffer sein dat er út Amsterdam komt en in pear dagen yn Ljouwert wie. Hy soe 31 jier âld wêze en earder mei de plysje yn oanrekking west ha.

De plysje tinkt net dat de man de wierheid sprekt, mar bringt de ynformaasje dochs nei bûten. Mooglik hat er itselde tsjin oare froulju sein.

Belje

De man soe by it slachtoffer oanbelle ha mei de fraach oft er belje mocht. De frou woe dat net. Dêrnei hat de man har nei binnen treaun en har seksueel misbrûkt.

Opsporing Verzocht

Tiisdeitemidde flyere de plysje yn de Blommebuert yn Ljouwert. Tiisdeitejûn besteget ek it telefyzjeprogramma Opsporing Verzocht oandacht oan de saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)