Fleantúchûntwerp Feanster skoalbern wint earste priis

07 jun 2016 - 16:39
  • Groep 8 fan De Burcht hat in fleantúch betocht foar Singapore Airlines

Groep acht fan basisskoalle De Burcht op It Hearrenfean hat de earste priis wûn yn in ûntwerpwedstriid foar it nije fleantúch fan Singapore Airlines. Yn Aviodrome yn Lelystêd moasten de bern tiisdei harren ûntwurp ferdigenje foar in profesjonele sjuery fan de fleanmaatskippij.

Trochsichtige flier en bysûndere sliepstuollen

It ûntwurp fan De Burcht sprong der ûnder oaren út troch in trochsichtige flier en bysûndere sliepstuollen. Skoallen út hiel Nederlân koene harren ûntwerp ynstjoere en úteinlik waarden trije skoallen útkeazen foar de finale op Aviodrome. De Burcht krijt no 1.000 euro om út te jaan oan it technykûnderwiis op skoalle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)