Wurksumheden yn Kollum: Diken nei de simmer ôfsletten

07 jun 2016 - 14:03

Ferskate diken yn Kollum wurde nei de simmer ôfsletten yn ferbân mei wurksumheden. De rioelearring moat ferfong wurde. De gemeente start nei de boufak mei de Tochmaleane. Dy giet foar twa moannen ticht. De rioelearring komt wol op in oar plak: no lizze de bussen noch ûnder de stoepe.

De nije rioelearring komt midden ûnder de strjitte te lizzen. De âlde bussen wurde net fuort helle, mar tichtmakke. As it wurk oan de Tochmaleane klear is, folgje ek noch de Kriekepitte en Nobel yn Kollum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)