Fjouwer minsken oppakt nei grut plysje-ûndersyk

07 jun 2016 - 13:10

De plysje hat fjouwer minsken oppakt yn in grut ûndersyk nei himptylt, drugshannel en wytwaspraktiken. It ûndersyk hjirnei rûn al sûnt hjerst ferline jier. Der binne op tsien lokaasjes hûssikings dien. De plysje trof ûnder oaren in himpkwekerij oan, in himpdroegerij en in fjoerwapen oan. Ek waarden 33.000 euro oan kontant jild, administraasje, kompjûters en ferskate auto's yn beslach naam.

It ûndersyk kaam op gong nei anonime tips en rjochte him op twa Ljouwerters fan 33 en 48 jier. Sy binne oppakt. Oan de Harmen Sytstrawei rôle de plysje in himpkwekerij fan 200 planten en seis kilo knipte himp op. Yn dat hûs wie ek in frou fan 68 út Ljouwert. Sy is oppakt. Oan de K.L. de Vriesstrjitte yn Sint-Jabik fûn de plysje in drûgerij. Yn dat plak is ek de fjirde fertochte, in 36-jierrige frou út de gemeente It Bilt, oppakt. 

De plysje slút mear oanhâldingen net út. 

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)