Plysje rôlet himpkwekerij op yn Aldeberkeap
De plysje hat tiisdeitemoarn in himpkwekerij oprôle oan de Mr. Bezemalaan yn Aldeberkeap. Der stienen yn totaal 1800 plantsjes. De plysje hat dêrneist ek in boat en fjouwer stellen fytsen yn beslach naam. Aginten hawwe twa minsken oanhâlden.