Soad reaksjes yn Blommebuert Ljouwert nei sedemisdriuw

It sedemisdriuw yn de Blommebuert yn Ljouwert makket in soad reaksjes los. Op 22 maaie waard in 60-jierrige frou seksueel misbrûkt troch in man. Hy belle oan by har hûs en doe't se de doar iependie, treau er har de hûs yn en misbrûkte er har. De plysje makke in komposysjetekening fan de fertochte en dielt tiisdeitemiddei flyers út. Tiisdeitejûn besteget Opsporing Verzocht omtinken oan de saak.
Yn de Blommebuert binne minsken bot skrokken. 'Ik kijk wel meer om me heen, even zien wie daar loopt', fertelt frou Toussaint. 'Je hoort de verhalen wel, maar nu gebeurt het ineens hier.' Jûns let mei de hûn derút, dat docht frou Toussaint eins net mear.