Mooglik spoeddebat oer proefboarrings by Skiermûntseach

07 jun 2016 - 12:09

Der komt mooglik in spoeddebat oer de foarnommen proefboarrings by Skiermûntseach. Under mear GrienLinks wol útlis fan minister Henk Kamp oer it beslút. De minister fan ekonomyske saken hat tastimming jûn foar twa gasboarrings op Skier. GrienLinks is it dêr net mei iens en wol dat de minister de proefboarrings útsteld.

Neffens minister Henk Kamp kin hy de proefboarrings net wegere om't de proseduere netsjes neffens de regels ferrûn is. Liesbeth van Tongeren fan GrienLinks is teloarsteld yn it beslút fan de minister. Benammen om't der in foarstel foar in nije mynbouwet leit, weryn de regels foar gasboarrings op monumintale natuergebieten folle stranger binne. Mar dy nije wet is noch net oannaam troch minister Kamp. En dat betsjut dat der ek in fergunning jûn wurde kin foar it winnen fan gas op Skylge.

Liesbeth van Tongeren sil dêrom tiisdei yn it Vragenuurtje de minister op syn beslút oansprekke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)