Proef mei gastfroulju by de Sionsberg en Sûnenz yn Dokkum

07 jun 2016 - 11:53
  • Sikehûs Sionsberg yn Dokkum

Sikehûs de Sionsberg en it âldereinsintrum Sûnenz yn Dokkum sette dizze wike útein mei in proef mei gastfroulju. Dy binne op moandei oant en mei tongersdei moarns yn de Sionsberg oanwêzich. Dêr helpe se pasjinten, bygelyks troch mei te rinnen nei de ôfdieling of minsken te begelieden by it bloedprikken. Ek belje se in taksy foar âldere pasjinten.

De gastfroulju binne oansletten by de Unie van Vrijwilligers. De ôfdieling yn Dokkum hat goed 400 frijwilligers dy't aktyf binne yn soarchynstellingen yn Noardeast-Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)