Kollum: ''Jit my noch mar ien yn''

07 jun 2016 - 08:25
  • De Toan fan Willem Schoorstra

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.

''Der wie ris in buorman en dy hie syn jierdei. Njoggentich waard er, in monumintale leeftyd. In skriuwer fan kollums kaam del, en dy sei tsjin dy buorman: ‘Fan herte mei de jierdei, en noch mar in stikmannich derby.’

‘Om my net,’ sei de buorman, ‘ik ha it wol besjoen.’

Dat wie in kâlde klets wetter foar de kollumskriuwer, dy’t sitten gie en in flesse jenever op ’e tafel sette. Buorman die teken om alfêst yn te jitten. Hy sei dat er gjin nocht mear hie, dat frou en famylje wei wiene, de lea min waard en dat er derút woe. Dat it klear wie. En dat net ien him helpe woe.

Pia Dijkstra fan D’66 – in eardere nijsanker en yn dy perioade de stille fantasy fan in protte mannen op leeftyd- komt dit jier mei in wetsfoarstel dat it senioaren mooglik meitsje moat om harren libben te beëinigjen as se der klear mei binne, en der neat mear fan ferwachtsje kin. Sokke minsken ha nammentlik neat oan de hjoeddeistige eutanasywet, omdat dy allinne út medysk perspektyf oardielet.

Wy ha it hjir oer selsbeskikking, oer it rjocht op selsdeadzjen. In lestige matearje, en in diskusje dy’t yn de jierren 90 al troch Huib Drion oanjage waard, mei syn pleit ‘Het zelfgewilde einde van oudere mensen’, en syn idee fan de Drion-pil. Dy’t eins twa pillen wiene. Earst pil A, dan in pear dagen betinktiid, en as men der dan noch wis fan wie koe men pil B nimme. Sûnt dy tiid komme de beswieren tsjin sa’n pil benammen út religieuze hoeke. No ek wer, nei de oankundiging fan Pia Dijkstra har foarstel. Kees van der Staaij fan de SGP sei, yn in reaksje op minsken mei in sterke deadswinsk, dat wy ‘kwetsbare mensen niet in de steek moeten laten, maar moeten omarmen.’ Dat klinkt leafdefol, mar wat betsjut yn de steek litte en omearmjen? Giet van der Staaij persoanlik by alle iensume minsken (op âldere leeftyd hast 60% fan de befolking) en ienlingen lâns om se de earm om it skouder te lizzen en te sizzen dat se noch mar even trochsette moatte? Dat lijen derby heart, en God dêr wol in doel mei ha sil?

De 95-jierrige Piet Jiskoot seit yn in ynterview oer de kwestje dat it net foarsjen fan sa’n pil misdiedich is, en dat er praat út namme fan mear as 100.000 senioaren. Hy seit dat de dea doch komt, dat er dy pil net nedich hat om dea te gean, mar om in lijenswei foar te kommen.

Wurdt it, mei oare wurden, gjin tiid om de weardichheid fan libben en dea oan de minsken sels oer te litten? Om se sels de regy yn hannen te jaan? Dat kwetsbere minsken al minder kwetsber wurde as se oer sa’n pil beskikke kinne?

Dat wie it praat, doe’t de kollumskriuwer de buorman frege oft se noch in jeneverke ha moasten. ‘Dokter seit dat it net goed foar my is,’ antwurde buorman. ‘Dat jit my noch mar ien yn.’''

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)