Jonge út Jirnsum rekket rydbewiis kwyt

07 jun 2016 - 07:46

In 18-jierrige jonge út Jirnsum hie pas twa moannen syn rydbewiis, mar koe him moandei alwer ynleverje. De plysje trappearre him by in kontrôle op de Koaiwei by Offenwier. Dêr klokte de Jirnsumer in snelheid fan 116 kilometer yn de oere, wylst dêr 60 it maksimum is. De jonge krige in proses-ferbaal en moast syn rôze paske ynleverje.

Om't er begjinnend bestjoerder is, hat er no ek al ien fan de twa punten op syn rydbewiis. By twa punten moatte je in eksamen dwaan om it rydbewiis werom te krijen.

Trefwurden: 
Offenwier rydbewiis plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)