Friezen gean minst faak nei de bioskoop

06 jun 2016 - 22:16

Friezen gean fan alle Nederlanners it minst faak nei de film. Dat docht bliken út de jiersifers fan de Nederlandse Vereniging van Bioscopen en Filmtheaters.

In soad groei sit der ek net mear yn, tinkt Sander Hakbijl, direkteur fan de Bioskoop yn Drachten. Hy sprekt foar alle kommersjele bioskopen yn de provinsje. In hiel soad minsken moatte langer as in heal oere ride om in film te sjen. Boppedat krimpt yn in behoarlik part fan Fryslân de befolking. Hakbijl leaut net yn de groeisifers op basis wêrfan't Pathé nijbouwe wol yn Ljouwert.

De besteande bioskopen binne fan betinken dat de merk no goed betsjinne is. Se fersette harren aktyf tsjin de komst fan in Pathébioskoop nei Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)