NAM rêdt âlde boarlokaasje op It Amelân nei fyftich jier op

06 jun 2016 - 21:47

De boarlokaasje fan de NAM by Hollum op It Amelân wurdt opheft. De boarput waard yn 'e jierren '60 oanlein. Doe is der ek boarre, mar dêr is de Nederlandse Aardolie Maatschappij (NAM) al gau mei ophâlden, omdat it gas yn de grûn alle kosten en muoite net wurdich wie. Sûnt fyftich jier leit de boarlokaasje stil.

Omdat der oan de seedyk wurke wurdt, leit der no in tydlike steiger op it strân, sadat boaten dêr maklik by komme kinne. No kin de NAM de boarlokaasje sûnder al te folle muoite ôfbrekke, seit meiwurker Willem Rogge.

De NAM is net earder begûn mei it opromjen fan it gebiet, omdat der eins nea echt druk west hat fan it eilân ôf, seit Rogge.

De NAM oerleit mei Steatsboskbehear, Rykswettersteat en Natuersintrum Amelân oer hoe't se it gebiet oan de natuer weromjaan wolle. Om briedfûgels en toeristen net te steuren, sil it wurk winterdeis dien wurde. De NAM hopet noch fan 't winter begjinne te kinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)