Sedesaak misbrûkte frou (60) yn Opsporing Verzocht

De plysje dielt tiisdeitemiddei yn Ljouwert flyers út om omtinken te freegjen foar it telefyzjeprogramma Opsporing Verzocht fan dy jûn. Dêryn wurde tsjûgen socht fan in sedesaak yn Ljouwert. Op 22 maaie waard in 60-jierrige frou seksueel misbrûkt troch in man. Hy belle oan by har hûs yn de Bloemenbuurt en doe't se de doar iependie, treau er har de hûs yn en misbrûkte er har.
Om tolve oere nachts hinne is de man wer fuortfytst. De plysje hopet dat der tsjûgen binne mei wa't se noch net mei praat hawwe.
It programma is tiisdeitejûn om healwei njoggenen te sjen op NPO1.