Takomst doarpsfuotbalklups leit yn gearwurking

De takomst fan fuotbalklups yn doarpen leit yn gearwurking. Dat is de fyzje fan de VV Minnertsgea. De klup mei goed trijehûndert leden hat in poerbêste akkommodaasje troch gearwurking mei de keatsferiening, de follybalklup en it multyfunksjoneel sintrum.
Op sportyf mêd wurket VV Minnertsgea gear mei de fuotbalferiening fan Sint-Jabik. Dêrtroch kinne alle jeugd- en frouljusteams kompleet makke wurde.
"Mei it each op krimp moatte we gearwurkje en ferbreedzje. De klup moat it klopjend hert fan it doarp wêze, net allinnich foar de fuotballers", sa advisearret it bestjoer de oare doarpsklups. De fuotbalferiening yn Minnertsgea bestiet fyftich jier. Dat wurdt fan 'e wike fierd mei aktiviteiten op en om it fjild.