Westereenders benaud foar ferkearsdrokte troch Sintrale As

06 jun 2016 - 16:37

Op 'e Westereen binne guon ynwenners benaud foar mear ferkearsdrokte en ûngelokken as de Sintrale As oer in pear moanne klear is. De drokte yn it sintrum sil fierder tanimme troch ferkear út de omkriten dat fia de nije dyk Sintrale As nei Drachten, Ljouwert en Dokkum wol.

De oanslutingsdyk op de Sintrale As rint fia in wenwyk en in yndustryterrein. De gemeente wol oant 2020 net mear oer in nije oplossing prate. Doarpsbelang hat op 14 juny in pear mei belutsenen yn it doarp oer de tanimmende ferkearsstream.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)