UPDATE: F-16's troch lûdsbarriêre feroarsaakje lûde knallen

06 jun 2016 - 17:52

De twa lûde knallen dy't moandeitemiddei boppe it easten fan de provinsje te hearren wienen, binne feroarsake troch strieljagers. Twa F-16's dy't ôfset binne fan de fleanbasis Volkel yn Brabân gongen troch de lûdsbarriêre. Se gongen de loft yn om in fleantúch te ûnderskeppen dat net reagearre op radiosinjalen.

UPDATE: De NOS meldt dat it kontakt wersteld is en dat de fleantugen weromflein binne nei de fleanbasis fan Volkel.

Op it stuit fan de ûnderskepping waard ek fan de fleanbasis yn Ljouwert ôf flein mei strieljagers. Yn alle gefallen ien F-35 wie yn de loft, en ek in F-16. Dy tastellen binne net op it ûnbekende tastel ôfstjoerd. Dêr wiene se net op ynrjochte, seit in wurdfierder fan de Fleanbasis Ljouwert. Under de tastellen hongen gjin wapens.

Trefwurden: 
F-16 lûdsbarriêre Volkel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)