Stewards moatte skipfeart om Twellingea yn goede banen liede

De brêge by Twellingea © Google Streetview
Provinsje en Rykswettersteat sette stewards yn om de skipfeart troch Snits, Drylts en Osingahuzen yn goede banen te lieden. It is yn dy plakken de kommende wiken folle drokker, omdat de brêge by Twellinga net brûkt wurde kin fanwege in reparaasje. Dat wurk duorret oant ein july. De skipfeart moat dêrom omfarre.
De haventsjinst fan de gemeente Súdwest-Fryslân hâldt ek ekstra tafersjoch en der komme tydlike oanlisplakken, dêr't boaten oanlizze kinne as se foar in brêge wachtsje moatte.