Bestjoerder fan scootmobyl swaait mei mes nei foarbygongers

06 jun 2016 - 11:35

De plysje yn Ljouwert hat sneintejûn in man oppakt foar bedriging. De fertochte, in 44-jierrige Ljouwerter, ried yn syn scootmobyl oer De Kei en luts ynienen in mes út it kuorke fan de scootmobyl. Dêrmei bedrige er foarbygongers. Wat de reden fan de bedrigings wie, is net dúdlik. De man is meinaam nei it plysjeburo foar neier ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)