Swierferwûne mountainbiker út bosk by Beetstersweach helle

06 jun 2016 - 11:12
  • De swierferwûne sporter wurdt nei de ambulânse brocht

In hurdrinner hat sneintemoarn in swierferwûne mountainbiker fûn yn de bosken fan Beetstersweach. It slachtoffer lei nei alle gedachten al in kertier yn in greppel en koe him net bewege. Mei help fan oare mountainbikers hat de draver earste help ferliend. Ek hawwe de sporters de meiwurkers fan de ambulânse it plak fan it ûngelok wiisd, want dat wie sa'n twa kilometer de bosken yn.

It team fan de traumahelikopter hat ek holpen en it slachtoffer is úteinlik per ambulânse nei it UMCG yn Grins brocht. Hoe't it no mei him is, is net dúdlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)