Fryske bern wurde it faakst út hús pleatst

Yn Fryslân wurde relatyf mear bern út hûs pleatst of ûnder tafersjoch pleatst. De beskermjende maatregels duorje ek langer as gemiddeld. Dat docht bliken út sifers fan de CBS. It Fries Sociaal Planbureau makke hjir in analyze fan. Lanlik sjoen krijt 1,2% fan de minderjierrigen te krijen mei Jeugdbeskerming, yn Fryslân is dat 1,4%.
Yn de gemeenten Ljouwert en Smellingerlân wenje de measte bern dy't mei Jeugdbeskerming te krijen hawwe. Menameradiel en De Fryske Marren hawwe it leechste persintaazje bern mei jeugdhelp.
It ryk en de gemeenten sette al in skoft yn op previntive maatregels, sadat bern sa min mooglik út hûs pleatst hoege te wurden. Dit is net allinnich hiel yngripend foar de bern en harren âlden, mar it kostet in gemeente ek in hiel soad jild. Fryslân set dêrfoar wyk- en gebiedsteams yn. Dy moatte op tiid oan de bel lûke by problemen binnen gesinnen, sadat jeugdhelp betiid yngripe kin.