Arriva set lange treinen yn by Loftmachtdagen

06 jun 2016 - 10:17
  • De trein rydt dit wykein net tusken Ljouwert en Harns

Ferfierder Arriva set kommend wykein ekstra lange treinen yn tusken Ljouwert en Harns en tusken Ljouwert en Grins. Yn Ljouwert binne freed en sneon de Loftmachtdagen. Mar freed is ek de start fan Oerol, dat foar in soad drokte soarget by de boat yn Harns.

Spesjaal foar Oerol hat Arriva boppedat trije treinen 'simmerproof' makke. Dit betsjut dat der rigen mei stuollen út de treinstellen helle binne, sadat der ekstra romte is foar fytsen en bagaazje. Ek is der in oanpaste tsjinstregeling, sadat der ekstra oerstaptiid is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)