Ondernemerspartij siket help by Fryske bedriuwen

06 jun 2016 - 07:08

De Ondernemerspartij siket stipe fan it Fryske MKB en ZZP'ers foar de Twadde Keamerferkiezings fan takom jier. De partij is nij en moat dus noch folslein opboud wurde. Se hâlde dêrom regiobyienkomsten en nije wike moandei is de earste offisjele byienkomst yn Fryslân.

Yn Snits kinne Fryske ûndernimmers yn de kunde komme mei de nije politike partij. It grutste spearpunt wurdt de oprop ta deselde kânsen foar ûndernimmers. Neffens lanlik partijfoarsitter Martine Gaasbeek binne der no noch grutte ferskillen per regio.

Sawol tusken lannen, mar ek binnen Nederlân. As foarbyld neamt se de grinsstreek, dêr't ûndernimmers bot te lijen hawwe fan ferskillen yn belestingen mei it gebiet krekt oer de grins.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)