Hieltyd mear Fryske jongeren wolle jager wurde

05 jun 2016 - 20:37
  • Jager
  • Rob Elzinga út Drachten

Hieltyd mear jongeren yn Fryslân wolle jager wurde. Dat docht bliken út sifers fan de Stichting Jachtopleiding Nederland. It tal Fryske kursisten is it ôfrûne jier ferdûbele. En fan de 36 kursisten út hiel Fryslân wiene der 24 jonger as 30 jier. De mearderheid dêrfan is noch wol hieltyd man, mar ek by de froulju wurdt it jeien hieltyd populêrder.

Positiver byld

Rob Elzinga út Drachten wie ien fan de kursisten fan dit jier. Hy tinkt dat it byld dat minsken fan jagers hawwe troch de jierren hinne positiver wurden is en der dêrtroch mear entûsjasme is by potinsjele wyldsjitters.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)