Motorrider bedarret yn Ljouwerter sleat

05 jun 2016 - 19:53
  • In motorrider bedarre yn de sleat yn Ljouwert
  • Ek by Wolvegea rekke in motorrider ferwûne nei in botsing mei in auto

Op de Harnzerstrjitwei yn Ljouwert is sneintemiddei in motorrider ûnderút gien en ferwûne rekke. De motorrider belâne nei syn fal yn 'e sleat. De brânwacht hat de persoan út de sleat helle. Hjirnei is de motorrider op it plak fan it ûngelok behannele en dêrnei mei in ambulânse nei it sikehûs brocht.

It is noch net bekend hoe slim syn ferwûningen binne en hoe't it ûngelok barre koe.

Wolvegea

Ek by Wolvegea is in motorrider ferwûne rekke nei in botsing mei in auto. De motorrider is mei noch ûnbekende ferwûningen nei it sikehûs brocht. De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)