Drankrider sûnder rydbewiis pakt yn Ljouwert

05 jun 2016 - 17:00

De plysje fan Ljouwert hat freedtejûn in drankrider oppakt yn de stêd. De man wie dronken nei de supermerk riden om syn drankfoarried oan te foljen. In tsjûge by de supermerk oan de Van Loonstraat belle de plysje. Dy pakte de 58-jierrige Ljouwerter op. Hy moast in blaastest dwaan en blies 2,07 promille. It tastiene maksimum is 0,5.

It die bliken dat de man ek gjin jildich rydbewiis by him hie. Dêrom krige er in rydferbod fan alve oeren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)