Wensoarchsintrum Boalsert krijt 'braintrainers'

Mefrou Van Aalsum oan de slach mei de braintrainer
De kliïnten fan wensoarch- en behannelsintrum Bloemkamp yn Boalsert krije trije saneamde braintrainers fan de Stichting Vrienden van Bloemkamp. Dat binne spulkompjûters dy't brûkt wurde foar ûnthâldtraining. Se kinne ek brûkt wurde om oantinkens op te heljen, omdat der ek foto's opset wurde kinne.
It tempo en nivo fan de spultsjes kinne foar eltse kliïnt oanpast wurde. De Stichting Vrienden van Bloemkamp stipet inisjativen en aktiviteiten dy't net betelle wurde kinne út it gewoane budzjet.