SGP Dantumadiel wol nije ferkiezingen yn ferbân mei fúzje

05 jun 2016 - 15:59

De SGP yn Dantumadiel is lilk op de koälysjepartijen yn de ried. Neffens fraksjefoarsitter Tom Bakker hawwe dy partijen út eigen polityk belang keazen foar in amtlike fúzje mei Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân. Bakker seit dat de befolking fan Dantumadiel hielendal net foar sa'n fúzje is en fynt it tiid foar nije ferkiezingen, sa skriuwt er op de eigen webside.

Op 31 maaie stimde de gemeenteried yn mei it frijmeitsjen fan 350.000 euro foar de tariedingen. Allinnich de koälysjepartijen CDA, ChristenUnie en FNP stimden foar. De opposysje, wêrûnder de SGP, stimde tsjin.

Trefwurden: 
Dantumadiel SGP Fúzje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)