Wethâlder Frjentsjerteradiel dizze simmer op wurkbesite

05 jun 2016 - 14:39
  • Wethâlder Caroline de Pee

Wethâlder Caroline de Pee fan Frjentsjerteradiel sil yn july by ferskate bedriuwen yn de gemeente op wurkbesite. Se wol sels ek oan de slach by bedriuwen út ferskate sektoaren. Ferline jier gie de wethâlder nei alve ûndernimmingen.

Neffens har is dêr yn de simmermoannen mear tiid foar, omdat der dan gjin fergaderingen binne. Wethâlder De Pee hat ekonomy yn de portefúlje en fynt it dêrom ekstra belangryk om te witten wat it runnen fan in bedriuw yn Frjentsjerteradiel ynhâldt.

Bedriuwen dy't de wethâlder oer de flier ha wolle, kinne har oanmelde by de gemeente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)