PvdA hat soargen oer it ferdwinen fan soarchnetwurk TinZ

05 jun 2016 - 14:10
  • Sosjale helpferliening

De provinsjale fraksje fan de PvdA springt yn de bres foar TinZ, it soarchnetwurk foar minsken mei demintens. Ofrûne wike waard bekend dat it netwurk ophâldt mei harren wurksumheden. Dat hat te krijen mei de wize fan finansieren. Wykferpleechkundigen moatte it wurk oernimme.

De PvdA hat lykwols soargen oer de kliïnten fan TinZ. It is in kwetsbere groep dy't goede soarch fertsjinnet fan minsken dy't se fertrouwe, fynt de partij. De fraksje stelt dêrom fragen oan deputearre Michiel Schrier.

Kin TinZ bestean bliuwe?

De PvdA wol ûnder oaren witte oft de provinsje ree is om mei de soarchferlieners en -fersekerders om tafel te gean om te sjen oft TinZ bestean bliuwe kin.

Earder hawwe ek de Fryske ôfdieling fan Stichting Alzheimer Nederland en Zorgbelang Fryslân al harren soargen utere oer it ophâlden fan TinZ. Yn dit netwurk wurkje ferskate soarchorganisaasjes gear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)