Organisaasje Slachtemaraton sjocht tige tefreden werom

De organisaasje fan de Slachtemaraton sjocht mei in tige goed gefoel werom op de sneon. Troch de hjitte wie it in swiere edysje, seit foarsitter Anne Jochum de Vries. Dochs wiene der kwalik útfallers.
Tsien minsken moasten nei it sikehûs, ûnder oare fanwegen hertproblemen. De measten fan har wiene sneontejûn al wer thús. Nei de finish yn Raerd waarden meardere minsken net goed fanwegen de waarmte. Sy binne holpen troch minsken fan it Reade Krús.
Sneontejûn rûn it ferkear fêst omdat in soad minsken tagelyk ophelle waarden en hiel wat kuierders mei de bus werom moasten. Nei't op de A32 de rûtes oanpast waarden, kaam it ferkear wer op gong.
Op klompen
De kuierders koene sneontejûn oant alve oere finishe. As lêste kamen Henk Slump fan Snits, dy't op klompen rûn, en Betty en Wietze Ypma fan Wergea oer de einstreek yn Raerd. Nei alve oere kamen der gjin kuierders mear binnen.
Yn 2018 is de folgjende Slachtemaraton. Dat is twa jier earder as oars, fanwegen Kulturele Haadstêd.