Oerolpublyk moat tinke om ferkearssituaasje loftmachtdagen

05 jun 2016 - 12:41
  • Mei Oerol komme alle jierren in soad minsken nei Skylge

De organisaasje fan it Oerol Festival warskôget besikers om nije wike rekken te hâlden mei de ferkearssituaasje by Ljouwert, as se ûnderweis binne nei de boat yn Harns. Oerol start kommende freed en dat falt tagelyk mei de loftmachtdagen yn Ljouwert. Dy binne op freed en sneon.

Fanwegen de loftmachtdagen is op dizze dagen de A31 tusken Marsum en Dronryp ticht. It stik dyk wurdt dan brûkt as parkearterrein foar besikers. Oerol riedt festivalgongers oan op tiid nei de boat te gean en de buordsjes fan Oerol te folgjen.

Ek warskôget de organisaasje fan Oerol foar ekstra drokte yn treinen en bussen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)