Frjentsjerters krije moarnsbrochje foar oerlêst brêgen

05 jun 2016 - 12:15

Mear as hûndert omwenners fan de Stasjonsbrêge en de Easterpoartsbrêge yn Frjentsjer ha sneontemoarn meielkoar in moarnsbrochje iten. It saneamde Waddenpoortontbijt waard harren oanbean troch provinsje Fryslân, gemeente Frjentsjerteradiel en it Consortium Stationsbrug Franeker. Sûnt in jier wurdt der oan beide brêgen wurke en de omwenners ha dêr in soad lêst fan.

Nei it moarnsbrochje krigen de dielnimmers in rûnlieding op de boulokaasjes. De wurksumheden oan de brêgen binne ûnderdiel fan it projekt Franeker Waddenpoort.

Doel is de stêd Frjentsjer better berikber te meitsjen oer lân en wetter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)