Diel A31 wurdt parkearterrein foar loftmachtdagen

05 jun 2016 - 11:59
  • Loftmachtdagen Fleanbasis Ljouwert

De A31 tusken Marsum en Dronryp is fan kommende freed fiif oere moarns oant sneontejûn alve oere yn beide rjochtingen ôfsletten. Dit stik sneldyk wurdt dan brûkt as parkearterrein foar de loftmachtdagen op de fleanbasis Ljouwert. It trochgeande ferkear fan de Ofslútdyk rjochting Grins en oarsom kin it bêste omride fia de A7.

It lokale ferkear op de A31 út Harns wei rjochting Ljouwert en fan Ljouwert nei Harns wurdt omlaat oer de paralleldiken tusken Dronryp en Marsum.

De omlieding is oanjûn mei giele buorden.

It ferkear moat rekken hâlde mei in langere reistiid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)