Auto rydt rjochtút op rotonde De Jouwer en belânet yn wetter

05 jun 2016 - 07:59

In auto is sneontenacht rjochttroch sketten op de rotonde fan De Jouwer en tsientallen meters fierder yn it wetter bedarre. De auto kaam nei alle gedachten fan de A7 ôf út de rjochting fan Snits. De brânwacht fan De Jouwer krige de melding fan it ûngelok om 2:30 oere hinne. Ek de korpsen fan Langwar, Snits en Ljouwert waarden oproppen.

Omdat der nimmen mear yn de auto siet, hawwe dûkers yn it wetter socht nei mooglike slachtoffers. Der waard net ien fûn. Ek op de rotonde waard sûnder resultaat socht. De plysje ûndersiket de saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)