FIDEO: Lêste groepen Slachtekuierders komme binnen

05 jun 2016 - 01:22

De sfear siet der sneontejûn goed yn by de finish fan de Slachtemaraton yn Raerd. It publyk yn it doarp fermakke him goed en de organisaasje wie tefreden oer hoe't de dei ferrûn is. De dielnimmers sels wiene wurch, mar grutsk op it folbringen fan de 42 kilometer kuierjen. As lêsten kamen Henk Slump fan Snits, dy't op klompen rûn, en Betty en Wietze Ypma fan Wergea oer de finish. Sy wiene neffens de organisaasje fan de Slachte krekt op 'e tiid binnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)