Skeelerster Moniek Klijnstra Nederlânsk kampioen 100m sprint

Moniek Klijnstra © Neeke Smit
Skeelerster Moniek Klijnstra fan Sint-Jânsgea is yn Otterlo Nederlânsk kampioen wurden op de 100 meter sprint. Se bleau yn de A-finale Bianca Roosenboom foar. It is de earste nasjonale titel op de 100m foar de 23-jierrige Klijnstra, dy't njonken it skeelerjen ek oan reedriden docht.
By de manlju rêde Jesper Hospes fan It Hearrenfean it op de 100m sprint net op tsjin de bruorren Ronald en Michel Mulder. Hospes waard tredde. Ronald Mulder wie it rapst en pakte it goud en de Nederlânske titel. Syn broer Michel waard twadde.