Partoer Van der Veen wint yn Grou, Bergsma yn Nijewier

04 jun 2016 - 21:09

It haadklasse trochinoar lotsjen keatsen yn Grou is wûn troch it sterkste partoer op 'e list. Iris van der Veen, Sjoukje Visser (fiifde oerwinning) en Renske Terwisscha van Scheltinga. Se wûnen yn de finale mei 5-2 en 6-6 fan Ilse Tuininga, Mariska Hoogland en Annelien Broersma. Op dy stân miste Ilse Tuininga it perk. De tredde priis wie foar Marije Hiemstra, Marte Altenburg en Louise Krol. Iris van der Veen út Frjentsjer waard útroppen ta keninginne fan de partij.

 

Manlju

De winst by de manljushaadklasse trochinoar lotsjen yn Nijewier gie nei it partoer Marten Bergsma, Taeke Triemstra en Erwin Zijlstra. Sy wiene te sterk foar Jan Dirk de Groot, Hylke Bruinsma en Jouke Bosje. It partoer Johannes van der Veen, Renze Pieter Hiemstra en Daniël Iseger waard tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)