Organisaasje Slachte: Kom net nei Raerd

04 jun 2016 - 19:51

De organisaasje fan de Slachtemaraton ropt minsken dy't net beslist yn it doarp hoege te wêzen op om net nei Raerd te kommen. Der binne yn it finishplak fan de maraton sa folle minsken, dat it doarp de drokte net oan kin. Fansels binne de Slachte-kuierders wol fan herte wolkom om te finishen.

Earder op de dei joech de organisaasje al oan dat troch de grutte drokte en de waarmte guon dielnimmers net goed wurden binne. In oantal fan harren is dêrtroch flaufallen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)