UPDATE: Brân master by buorkerij De Tike

04 jun 2016 - 17:59
  • Brân yn in buorkerij op De Tike
  • Wenningbrân yn in frijsteande buorkerij yn De Tike

De brânwacht hat it sein brân master jûn by de buorkerij op De Tike. Yn dat plak is sneontejûn in frijsteande buorkerij oan de Master Iniawei folslein útbaarnd. Ek trije auto's giene ferlern troch de brân. Der binne gjin minsken ferwûne rekke. Wol binne fjouwer kealtsjes dy't neist de buorkerij stiene, omkaam.

De brânwachtkorpsen fan Burgum en Drachten rieden om 17:30 oere hinne út foar in grutte brân yn in frijsteande buorkerij yn De Tike. De brân sloech oer op in trijetal auto's neist de buorkerij. De brânwacht hat besocht de skuorren njonken de buorkerij te rêden fan de brân. It is noch net wis oft dat slagge is.

De reekwolken dy't by de brân frijkamen wiene yn de wide omkriten te sjen. Fanwegen reekoerlêst op de Wâldwei, warskôge de plysje autobestjoerders om de snelheid op dy dyk oan te passen. Ek waarden omwenners frege doarren en ruten ticht te hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)