Fjouwer dielnimmers Slachte nei it sikehûs

Der binne oant no ta fjouwer dielnimmers oan de Slachtemaraton ôffierd nei it sikehûs. De dielnimmers koene op lokaasje net goed genôch holpen wurde. Dat seit de GGD.
Boppedat binne ek ien fytser en twa motorriders fan it Reade Krús nei it sikehûs brocht. De motorriders bedarren sneontemoarn betiid yn de berm doe't se útwike moasten foar in frachtauto.