Slachtedielnimmers ha healoere langer de tiid

Dielnimmers oan de Slachtemaraton ha in healoere langer de tiid om oer de finish te kommen. Eins wie it lêste momint dat der finishe wurde koe om 22:30 oere jûns, mar de organisaasje hat dêr no 23:00 oere fan makke. De organisaasje hat de finishtiid útsteld omdat der mei de start ek fertragingen wienen. Minsken moatte har net oer de kop rinne, mar genietsje ûnderweis, seit Anne Jochum de Vries fan de organisaasje.
Files
Eins hiene de lêste kuierders fan de Slachtemarathon om 11:00 oere hinne starte moatten, mar dat waard 11:45 oere. Goed fjirtich minuten te let. Dat hie te krijen mei files yn Raerd. Minsken moasten dêr op de bus stappe, om by de start te kommen, mar trochdat it parkearterrein in drekboel wurden wie, duorre dat allegearre wat langer.