Lonneke Gerritsma (16) folbringt Slachtemaraton

Lonneke Gerritsma yn petear mei ferslachjouwer Geert van Tuinen © Omrop Fryslân, Aise van Beets
"It is slagge!" Dat sei Lonneke Gerritsma (16) doe't se oer de finish kaam fan de Slachtemaraton. Se woe tegearre mei har freondinne Brecht Osinga  (16) meidwaan oan de wedstriid, mar omdat se noch gjin achttjin is, mocht dat net fan de organisaasje. Dêr wienen se bot teloarsteld oer.
Se mochten no wol starte mei de earste kuierders, en dan de tocht yn har eigen tempo ôflizze. Lonneke hat de earste helte draaft en de twadde helte rûn. "It woe net mear. It wie te waarm. Mar ik tocht: Omrop Fryslân stiet der aanst, dus ik moat troch!"
De Ljouwerter Krante meldt dat ek Brecht Osinga oer de finish kaam is.
De organisaasje fan de Slachtemaraton siet bot mei de kwestje yn de mage. By in folgjende edysje sille se dúdliker fermelde dat 18 jier echt it minimum is om meidwaan te kinnen oan de hurdrinwedstriid.