Sybrand van Haersma Buma opnij keazen as listlûker CDA

04 jun 2016 - 13:24

CDA-lieder Sybrand van Haersma Buma is sneontemiddei offisjeel keazen as listlûker foar de Twadde Keamerferkiezingen fan takom jier. Op it partijkongres yn Utrecht sei Buma dat er it in grutte eare en foarrjocht fynt om op 'e nij listlûker te wêzen.

Sybrand Buma komt oarspronklik fan Warkum. Hy sit al sûnt 2002 yn de Twadde Keamer.

Trefwurden: 
Sybrand Buma listlûker CDA
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)