Hûnderten bern fuotbalje yn bekerfinales op De Jouwer

04 jun 2016 - 12:31

Hûnderten bern út hiel Noard-Nederlân fuotbalje sneon om de beker op De Jouwer. De bekerfinales fan Grinslân, Fryslân en Drinte fan hast alle leeftiidskategoryen fine plak op sportpark Hege Simmerdyk. Mear as twahûndert frijwilligers binne yn it spier om it fuotbalfeest yn goede banen te lieden.

Der wurdt ekstra rekken hâlden mei de waarmte. Sa wurdt der wetter útdield oan it publyk en wurdt der sa nedich ekstra dronken ûnder de wedstriden. De waarmte soarget der net foar dat de fuotballers minder fanatyk binne as oars.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)