Keamerkommisje bringt wurkbesite oan doarpen by fleanbasis

04 jun 2016 - 12:17

Tweintich leden fan de kêste keamerkommisje foar Definsje fan de Twadde Keamer bringe moandei in wurkbesite oan doarpen om de Ljouwerter fleanbasis hinne. Se wolle harren sa ynformearje litte oer hoe't de nije F-35 strieljager oant no ta belibbe wurdt.

De kommisje sil prate mei fleanbasiskommandant Denny Traas en mei omwenners fan de basis. De kommisjeleden meitsje middeis ek in start mei fan in F-35. De groep stiet dan op de dyk by Jelsum om te hearren hokker lûd de strieljager makket.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)