Hearrenfean-keeper De Fockert nei VVV Venlo

Keeper Maarten de Fockert fan SC Hearrenfean © ANP
Doelman Maarten de Fockert fan SC Hearrenfean sil it kommend seizoen keepe by VVV Venlo. De klup yn de Jupiler League hiert de 21-jierrige doelman in jier lang fan SC Hearrenfean. De Fockert wie doelman yn it belofteteam fan de Feansters. Yn Venlo kin er neffens de klup moai wat erfaring opdwaan.
De Fockert sels is tige wiis mei de oerstap. "VVV is het afgelopen jaar tweede geworden, houdt het team redelijk bij elkaar en speelt volgend seizoen weer om de titel. Ik zie het als een mooie stap."
"Op dit niveau staat er meer 'druk op de ketel' dan bij de beloften. Dit is precies wat ik nodig heb om mezelf verder te ontwikkelen", sa seit De Fockert.