Marsumer doarpskrante kin net op tsjin doarpswebside

04 jun 2016 - 11:44
  • De Marsumer doarpskrante De Nieuwskruier
  • De doarpswebside fan Marsum

De ynwenners fan Marsum ha sneon foar de lêste kear doarpskrante De Nieuwskruier yn 'e bus krigen. Nei 42 jier hat de fjouwerkoppige redaksje fan it blêd besletten der mei op te hâlden. Reden is ûnder oare dat de doarpswebside fan Marsum in grut part fan de ynformaasjefoarsjenning oernaam hat en folle aktueler is.

De Nieuwskruier waard fergees hûs-oan-hûs yn it doarp besoarge en waard bekostige troch ferieningen, advertearders en jeften. De Marsumer doarpskrante bestie sûnt 1972 en is 420 kear ferskynd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)