Kollum: "Nei Jorritsma"

04 jun 2016 - 10:49
  • De Toan fan Eelke Lok

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side eelkesweblok.nl.

"It like as der yn Fryslân gjin wichtiger nijs wie fan 'e wike, mar eins woe ik it dêr net mear oer ha. Mar de foarsizzingen oer de opfolger fan John Jorritsma as kommissaris fan de Kening bringe jim sadanich op it ferkearde paad, dat ik wol moat. Dat fyn ik sels teminsten.

We wiene wol wat fan ’t hynder doe’t it berjocht kaam. No sizze de lju dy’t ôfskied nimme nea de wierheid, dus moat we wat gokke. Jorritsma hat fansels sjoen dat it kulturele-haadstêd-gedoch neat wurde sil. Tusken no en 2018 hat Sander de Rouwe alle finansjele stekkers der al útlutsen. We ha dan inkeld noch in ekstra Slachtemaraton. Jorritsma seach himsels al sitten op dat 30 meter hege Ofslútdykhynder, dat is ek al fuortbesunige. Dêr sit aanst absolút gjin gloarje mear yn. No ja, en nochris seis jier skûtsjesylfinale, PC, Konkoers Bûtenpost, FK fierljeppen en Hearrenfean-PSV, ja dat hâldt gjin minske fol. In alvestêdetocht komt der dochs net mear fan. Wat dat oanbelanget hat hy wol gelyk. Noch ien simmer op de tosken bite en dan gau wat oars.

Mar Eindhoven? Ik ha altyd tocht dat it, nettsjinsteande de PC, aardiger en makliker wêze soe kommissaris fan de Kening yn Fryslân te wêzen, seker as boargemaster fan Eindhoven. Mar sjoen de strielende reaksje fan Jorritsma en ynienen de hug fan Rutte is dat dus in noch wichtiger funksje as Fryslân wat beoarderje. Dat betsjut dat we nochal wat ôfglieden binne. Tink dêr ek mar ris efkes oer nei.

Dan praat ik efkes troch oer it Jorritsmaleaze tiidrek. Wy ha fan no ôf in healjier de hearlike taak om elkenien dy’t ek mar in sintimeterke boppe it meanfjild útkomt te beneamen as nije kommissaris. Mar as je no as Friezen roppe “dy wol we ha”, bin je fan ien ding wis: dy wurdt it net. Gjin populêre lju hjir. Jim ha Arno Brok al fuortsmiten, hy bliuwt gewoan boargemaster fan Dordrecht, ek noch al wat wichtiger as kommissaris. Hy is boppedat absolút gjin Fries, al haffelet hy it wol, mar hy is berne yn Leerdam, hy is thús yn Dordt. Boppedat bin se yn Den Haach, dêr’t de beneaming dien wurdt, hielendal net sa foar dy eigen jonkjes. Hoewol, dat ha se mei dy Paas yn Grins wol wer dien. Dus in bytsje affiniteit is wol wer goed.

Kollega Atze Jan de Vries fan de Ljouwerter Krante hie fan 'e wike de goede toan, as iennige. Hy sei we moat ien ha dy’t wat kin. Utsein Sander de Rouwe ha we inkeld mar prutsers. Hy sei it wat oars, mar der kaam it al op del. Dus moat hjir in polityk swiergewicht komme, dy’t ek yn Den Haach it nedige klearkrije kin.
Dat is dus net immen fan de FNP. Net om't de FNP yn Den Haach gjin kontakten ha soe. De FNP hat kontakten oan de útein fan de wrâld ta. Mar de FNP hat gjin swiergewichten. Dat is, Jehannes Kramer, foar it oare, minsklik sjoen in komplimint foar dy.

Je moat sjen nei in swieren yn Den Haach dy’t se dêr wol kwyt wolle, mar net kwyt reitsje. Samsom bygelyks. Mar dy syn wrâld is folle grutter as de Fryske. Hy wurdt tink yn in healjier wat heechs yn de wrâldwide miljeubeweging. Lutz? Moat je har net oandwaan. Jacques Monasch? Wol ek wat wrâldwider.

De VVD hat ek neat. Halbe Zijlstra wit amper wer’t Fryslân leit, wol boppedat Rutte opfolgje. Pechtold tinkt dat hy minister wurdt. Nee, we moat by it CDA wêze. Want de politike partijen yn Fryslân haffelje wol mei fansels. Sander hat de kaarten yn hannen. Hy komt mei in foarstel foar Plasterk nei de sollisitaasjes. Joop Atsma sollisitearret net, glimmerje is neat foar him.

Nee, der is mar ien dy’t echt yn oanmerking komt, dy moat we freegje om te skriuwen. Sybolt van Haersma Buma. Fries, sûnder deryn fanaat te wêzen. Goede bestjoerder. Leit goed yn Fryslân en yn Den Haach. Ik wit wol, hy hat it CDA krekt wer op gleed, dêrom wolle se him net kwyt. Mar as wy dan dêrfoar Sander oan harren werom jouwe. Moat dochs kinne? Oars krij we wer ien, dêr’t we noch nea fan heard hiene."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)